Fier, heel fier fan’t drokke livven,
Mooi de gotte see ferbeeuwn,
Leit in plak, dat us so nooi is,
Dat is us gebeurtegreeuwn.
Tichtby wer de brauning klond’re,
Op’e banken feur de waal,
Heersden wy de aiste klanken,
Fan us meuje memmetaal.
Heersden wy de aiste klanken,
Fan us meuje memmetaal.

Wer it darp so jaif en freeuwnlik,
Schul gie un it tichte grien,
Yn’e lete fan de dune,
Feilich het us wids der stien,
O, wat het dy lytje pole,
Us toch fole, fole jeeuwn,
Wer w’aik swalkje, werd w’aik winje,
Tink w’oon us gebeurtegreeuwn.

Wer it straun sò breed en flak is,
En het dúnsaun helder wyt,
Wer ‘t een lost is om tò túeven,
Grien en blome wiid en syd,
Wer de seewiin ieuwr ‘e dún strykt,
En de loft sò fris en seeuwn,
Der, der kin wy fleurich sjonge:
‘Meu is ús gebeurtegreeuwn’.
Der, der kin wy fleurich sjonge:
‘Meu is ús gebeurtegreeuwn’.

Wer de slaggen fan de tjarkklak,
Helder klinke fier yn ‘t reeuwn,
Wer w’yn rast en frede livje,
Wer men altyd wille feeuwn,
Mei ‘de jieren gain en komme,
En fan ‘t aude wenich bleeuwn,
Wy, wy sille ‘t neut verjette,
‘t Eilaun, ús gebeurtegreeuwn,
Wy, wy sille ‘t neut verjette,
‘t Eilaun, ús gebeurtegreeuwn.